Ekstra bussen foar de Lege Geaën

De tjinstreegling fan Arriva foar lijn 94 troch de Lege Geaën wurdt yn april op twa mominten deis útwreiden mei ekstra ritten. 



Ekstra bussen foar de Lege Geaën (Tekst in het Nederlands onder dit bericht)

De tjinstreegling fan Arriva foar lijn 94 troch de Lege Geaën wurdt yn april op twa mominten deis útwreiden mei ekstra ritten. Om 12:54 en 17:54 fertrekke der bussen út Snits en om 13.27 en 18:27 by de Blauwe Tent by Reduzum. Yn alle skoalfakânsjes bliuwt de útwreiding beheind ta 17:54 út Snits en in bus om 18:27 út Reduzum fuort. Dat is it earste resultaat fan in oerlis fan de ûndersteande doarpsbelangen mei de provinsje. Oanlieding is in tal klachten nei it yngean fan de nije tsjinstreegling sa at dy útfiert wurdt troch Arriva yn opdracht fan de provinsje.

It tal bussen dat troch ús streek komt, is yn dy nije tsjinstreegling behoarlik werom rûn. Ritten dêr’t te min minsken gebrûk fan makken, binne fuortfallen. Dat komt foaral troch hegere kosten. Wat bliuwt is de soarch foar de leefberens fan de Lege Geaën. Dy leefberens is tsjinne mei it goed berikber wêze fan wurk, skoalle en foarsjennings. Ien ding stiet fêst; de âlde tsjinstreegling krije wy net wer werom.

Wêr it no om giet, is it sa effektyf mooglik brûke fan de ekstra ritten dy’t de provinsje ús jout. De tiden wêrop dy bussen yn april riden gean, binne keazen op basis fan in te beheind oantal klachten om dêr wis fan te wêzen. En ek al kinne wy net de ferfiersproblemen fan eltsenien oplosse; wy wolle dat wol foar safolle mooglik minsken dwaan. Om dat skerp te krijen, falt der ynkoarten by jimme in enkête troch de bus dy’t opset is troch de doarpsbelangen yn’e mande mei de provinsje. De útkomsten fan dy enkête moatte dúdtlik meitsje of de tiden wêrop der ekstra riden wurdt sa bliuwe moatte of net. At oare tiden mear minsken helpe kinne, kin dat dizze simmer oanpast wurde.

De ekstra ritten sille net alle ferfiersproblemen oplosse. De provinsje komt ek mei stimulearingsreegling foar lytskalige ferfiersynisjatieven; projekten dy’t bydrage oan it foarsjen yn it ferfiersferlet fan ferskeidene groepen ynwenners. En ek al is dy reegling der noch net; ynisjatieven binne al fan herte wolkom.

Eltse gebrûker en potensjele gebrûker fan it iepenbier ferfier yn de Lege Geaën hat der belang by dat de ekstra bussen sa fol mooglik sitte. Dat is de bêste garânsje dat dizze bussen der ek bliuwe. Dus wurkje mei oan dizze enqête! De Lege Geaën is in prachtige streek om yn te libjen, mar je moatte der sa no en dan wol op in gaadlike wize yn en út komme kinne!

Nammens de Doarpsbelangen fan Poppenwier, Tersoal, Sibrandabuorren, Gau, Goaiïngea en de provinsje Fryslân.

De folsleine, nije tsjinstreegling mei de ekstra tiden yn it giel.

Opstapperboekje

---------------------------------------------

Extra bussen voor de Lege Geaën

De dienstregeling van Arriva voor lijn 94 door de Lege Geaën wordt in april op twee momenten per dag uitgebreid met extra ritten. Om 12:54 en 17:54 vertrekken er dan bussen uit Sneek en om 13:27 en 18:27 vanaf de Blauwe Tent bij Reduzum. Tijdens alle schoolvakanties blijft de uitbreiding beperkt tot 17:54 vanuit Sneek en 18:27 vanaf de Blauwe Tent. Dat is het eerste resultaat van een overleg van de onderstaande Dorpsbelangen met de provincie. Aanleiding is een aantal klachten na het ingaan van de nieuwe dienstregeling zoals die wordt uitgevoerd door Arriva in opdracht van de provincie.

Het aantal bussen dat door onze streek rijdt, is in die nieuwe dienstregeling behoorlijk teruggelopen. Ritten waar te weinig mensen gebruik van maakten, zijn weggevallen. Dat komt vooral door hogere kosten. Wat blijft is de zorg voor de leefbaarheid van de Lege Geaën. Die leefbaarheid is gediend met het goed bereikbaar zijn van werk, school en voorzieningen. Een ding staat vast; de oude dienstregeling krijgen we niet terug.

Waar het nu om gaat, is het zo effectief mogelijk gebruiken van de extra ritten die de provincie ons geeft. De tijden waarop die bussen in april gaan rijden, zijn gekozen op basis van een te beperkt aantal klachten om daar zeker van te zijn. En hoewel wij niet voor iedereen de vervoersproblemen op kunnen lossen, willen wij dat wel voor zoveel mogelijk mensen doen. Om dat scherp in beeld te krijgen, valt er binnenkort een enquête bij jullie door de bus die is opgezet door de Dorpsbelangen in samenwerking met de provincie. De uitkomsten van die enquête moeten duidelijk maken of de tijden waarop de extra ritten gaan rijden zo moeten blijven of niet. Mochten andere tijden meer mensen helpen, kan dat  deze zomer worden veranderd.

De extra ritten zullen niet alle vervoersproblemen oplossen. De provincie roept ook een stimuleringsregeling in het leven voor kleinschalige vervoersinitiatieven; projecten die bijdragen aan het voorzien in de vervoerbehoeften van verschillende groepen inwoners. Hoewel de regeling nog niet gereed is, zijn initiatieven al van harte welkom.|

Iedere gebruiker en potentiële gebruiker van het openbaar vervoer in de Lege Geaën heeft er belang bij dat de extra bussen zo vol mogelijk zitten. Dat is de beste garantie dat deze bussen ook blijven rijden! Dus vul de enquête in! De Lege Geaën is een prachtige streek om te leven, maar je moet er zo nu en dan ook op een fatsoenlijke wijze in en uit kunnen.

Namens de Dorpsbelangen van Poppenwier, Tersoal, Sibrandabuorren, Gau, Goaiïngea en de provinsje Fryslân.

De volledige, nieuwe dienstregeling met de extra lijnen in het geel.

Opstapperboekje


Terug
feb 13, 2013